Jonkje (6) ferwûne by botsing

© Omrop Fryslân
By in oanriding op De Koaten yn Koatstertille is tiisdei in 6-jierrich jonkje fan De Rottefalle licht ferwûne rekke. It jonkje siet yn in taksybuske dat yn botsing kaam mei in 20-jierrige automobiliste út Gerkeskleaster.
De taksysjauffeur seach te let dat de frou út Gerkeskleaster linksôf slaan woe en koe in oanriding net mear foarkomme. It jonkje út De Rottefalle is op it plak fan it ûngelok troch it ambulânsepersoniel behannele.