Ferwûne by oanriding De Gordyk

© Omrop Fryslân
In automobilist (32) út De Tynje is tiisdeitejûn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Stokerij op De Gordyk. It slachtoffer is nei alle gedachten yn in s-bocht de macht oer it stjoer ferlern en kaam mei de bestelauto op de sydkant telâne.
De man moast troch de brânwacht út de auto helle wurde en is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. It fermoeden bestie dat de man út De Tynje ûnder ynfloed wie fan alkohol. Dêrom is in bloedproef ôfnommen.