Navigaasje út auto's stellen

15 apr 2009 - 09:56

Yn Frjentsjer binne op ferskate plakken yn de stêd trije navigaasjesystemen út auto's stellen. Nei alle gedachten hat de stellerij plakfûn yn de nacht fan moandei op tiisdei. Yn alle gefallen waard in rút fernield. By noch in oare auto is wol it rút fernield, mar is allinnich in kabeltsje fan in navigaasjesysteem stellen. De eigners ha oanjefte dien.

De plysje advisearret minsken om de navigaasjesystemen net achter te litten yn 'e auto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)