Eurlings tekenet foar 'heak'

15 apr 2009 - 09:42
Foto: Omrop Fryslân

Minister Eurlings fan ferkear hat syn hanteken set ûnder it ûntwerp traseebeslút fan de Heak om Ljouwert. De provinsje is bliid mei it beslút.

Ferskate ûndersiken nei bygelyks lûds- en luchtkwaliteit drigen net langer jildich te wêzen foar it nimmen fan in beslút. Dit soe soargje kinne foar fertraging. It ûntwerp-trasee komt no op besjen te lizzen. Op syn betiidst kin de opdracht foar de útfiering fan de Heak om Ljouwert begjin takom jier oanbestege wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)