Himpplantaazje De Tille oprôle

15 apr 2009 - 09:34

Yn Koatstertille is moandeitemiddei op de Menno van Coehoornstrjitte in himpkwekerij oprôle. Nei in anonime tip fûn de plysje yn in wente sa'n 135 weedplanten. De planten en de apparatuer binne yn beslach nommen.

Alles is yntusken ferneatige, sa seit de plysje. De 31-jierrige eigner fan de wenning is oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)