Yllegale steigers De Gordyk

14 apr 2009 - 16:36

De gemeente Opsterlân stekt mear as in heale ton yn it tsien sentimeter djipper meitsjen fan twa fivers yn de wyk Loevestein op 'e Gordyk. Ek moatte de yllegale steigers dy 't bewenners boud ha fuort.

As se dat sels net dogge, docht de gemeente dat op kosten fan de bewenners. Mar dêr krije se wol wer wat foar werom, want de gemeente is ree om twa grutte steigers te bouwen om dêr boatsjes oan te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)