Legedyk Reduzum wurdt oanpakt

14 apr 2009 - 15:03

De Legedyk yn Reduzum wurdt dizze wike noch opnij bestrjitte. Der sitte grutte naden tusken de tegels en de klinkerts. In protte binne ek stikken. Moandeitemiddei rekke in 75-jierrige man út Ljouwert mei syn fytstsjil tusken de tegels en kaam te fallen.

Hy bedarre yn 'e sleat en koe der sels net mear útkomme. Mei help fan omstanners is de man út de sleat holpen en thúsbrocht. Fan 'e moarn hat de gemeente de dyk besjoen en tasein fuortendaliks yn aksje te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)