Peter de Roo nei Australië

Peter de Roo ferhuzet nei Queensland
Peter de Roo stapt tiisdei op it fleantúch nei Australië. Op 1 juny giet hy 'down under' oan de slach as technysk direkteur fan de steat Queensland. De Roo is dan ûnder oaren ferantwurdlik foar it fierder ûntwikkeljen fan al it fuotbaltalint yn dy regio.
Oant dy tiid is hy twa en in heale moanne haadcoach fan it regionale alvetal fan Queensland. De Roo hold ein 2007 op as technysk manager by Cambuur.