PB makket fyzjeplan Warkum

14 apr 2009 - 12:16

Pleatslik Belang Warkum krijt 8.000 euro fan de gemeente Nijefurd foar it opstellen fan in fisyplan foar de stêd. Hjir is mei-inoar hast 20.000 euro foar nedich. Ek de provinsje is om in bydrage frege.

Yn it plan moatte de winsken fan Warkum op it mêd fan wenjen, wurkjen en rekreëarjen komme te stean. As dy ien kear ynventarisearre binne, kin der in prioriteitelist makke wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)