Justysje knoeit net mei akten

Der is ûndersyk dien nei mooglik geknoei mei akten
By it ynstellen fan in heger berop troch it Iepenbier Ministearje is gjin sprake fan geknoei mei akten. Dat seit it bestjoer fan de rjochtbank. De saak kaam oan it rôljen neidat it OM heger berop ynstelle woe yn saak.
De offisier kaam op de lêste dei dat berop mooglik wie op de griffy op it momint dat dy al ticht wie. Hy liet in briefke achter en de moandeis dêrop soe de griffy in akte mei in falske datum makke hawwe.