Sponsorferlet by Revalidaasje

Revalidatie Friesland kin hieltyd dreger oan sponsors komme
Bedriuwen brûke soms te'n ûnrjochte de kredytkrisis, omdat se gjin nocht hawwe om sponsorbydragen te beteljen. Dat is de ûnderfining fan Revalidatie Friesland. Dy organisaasje organisearret ûnder oare kuier- en fytstochten om jild binnen te heljen.
De lêste moannen komt der fyftich prosint minder binnen. Guon bedriuwen kinne it sponsorjild troch de krisis echt net mear opbringe, mar der binne ek bedriuwen dy't goed draaie en de kredytkrisis brûke om net te beteljen.