Wetterskea Crystalic falt ta

De skea by bedriuwsgebou Crystalic yn Ljouwert falt ta. Yn in stroom- en wetterliedinghok fan it glêzen gebou wie moandei in wetterlieding sprongen.
Der binne gjin grutte ûngemakken troch de sprongen lieding, der is allinnich lytse wetterskea. De wetteroerlest hat dêrom gjin gefolgen foar de bedriuwen yn it Crystalic gebou.