Trije jonge Feansters oppakt

14 apr 2009 - 09:46

De plysje hat moandeitejûn op it Fedde Schurerplein op It Hearrenfean trije jonges oppakt foar in ynbraak en foar brânstichting. In tsjûge hie sjoen dat trije jonges oer it stek fan in bouterrein klommen wiene. Hy belle de plysje, dy seach de jonges fan it bouterrein ôfkommen. De plysje koe se oanhâlde.

It giet om trije Feansters fan 18 en 19 jier. Koart nei de oanhâlding seach de plysje dat der reek út de boukeet kaam. De plysje hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)