Motorrider ferwûne op Skieding
In 25-jierrige motorrider is moandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Skieding by Drachtsterkompenije. De man kaam fan de A7 ôf en botste op in bestelbuske.
Dat waard bestjoerd troch in 51-jierrige man. De motorrider is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs fan Drachten brocht.