Man rydt mei bern op skoat

14 apr 2009 - 09:32

De plysje hat moandeitemiddei op de A32 in 34-jierrige man út Drachten mei syn auto fan de dyk helle, omdat der op de bestjoerdersstoel ek in berntsje fan ien jier siet. De Drachtster hie fierder gjin sicht nei rjochts en nei achteren, omdat er in soad guod by him yn de auto hie. Yn dy auto sieten ek noch in frou en in oare man, dy hiene de gordel net om. Alle ynsittenden binne nei it plysjeburo brocht, de sjauffeur hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)