Protest tsjin gruttere fabryk

14 apr 2009 - 09:00

In groep ynwenners fan Sint Jansgea komt yn aksje tsjin de útwreiding fan it koekefabryk Peijnenburg yn it doarp. Se roppe alle doarpsgenoaten op om beswier yn te tsjinjen. Peijnenburg wol it fabryk mei 1500 kante meter útwreidzje. Omwenners binne der poer op tsjin.

It fabryk stiet midden tusken de huzen. Omwenjenden sizze dat se lêst hawwe fan it leven en de ferkearsdrokte fan it grut tal frachtauto's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)