Lieding sprongen by Crystalic

13 apr 2009 - 15:09

Yn in stroom- en wetterliedinghok by bedriuwsgebou Crystalic yn Ljouwert is op peaskemoandei in wetterlieding sprongen. It wetter spuite mei sa'n krêft út 'e liedings dat der in gat slein is yn in muorre fan it hokje.

It is noch net dúdlik oft der troch it wetter skea ûntstien is oan de elektryske foarsjenning. In passant hearde in plof, seach wetter rinnen en warskôge de helptsjinsten. Unbekend is noch oft de wetteroerlêst gefolgen hat foar it wurk fan 'e bedriuwen dêr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)