Kokaïnesnuver op bromskooter

13 apr 2009 - 14:27

In 18-jierrige Frjentsjerter is moarns betiid op peaskemoandei trapearre op it riden ûnder ynfloed fan kokaïne. Op de Hertog van Saxenleane waard de man oanhâlden op syn bromskooter.

Doe't de plysje frege oft er dronken hie, fertelde de man dat er kokaïne brûkt hie. Hy is meinaam nei it buro foar in bloedproef en syn rydbewiis is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)