Ynbrekker oppakt yn Koudum

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Koudum de moarns fan peaskemoandei in ynbrekker oanhâlden. In tsjûge warskôge de plysje dat der ynbrutsen waard by in bedriuw op 'e Onderweg. De tsjûge joech in dúdlike beskriuwing fan de auto fan de ynbrekker, sadat de plysje him herkende op de Sudergoawei.
De fertochte is in 24-jierrige Warkumer. Hy is oanhâlden. Yn syn auto fûn de plysje stellen guod. De man sit fêst op it plysjeburo.