Drokte yn nije haven Flylân

13 apr 2009 - 12:04

Der is grutte belangstelling fan wettersporters foar de fernijde jachthaven fan Flylân. Dy is dit wykein foar it earst wer iepen nei in moannelange sluting. Twahûndert skippen binne foar Peaske it Waad oerkaam om te sjen hoe't it wurden is.

De jachthaven hat in havengebou mei kantoar, sanitêr, restaurant en supermerk krige. Ferline winter is de haven sels al yngreven fernijd en útwreide. Ein juny is de offisjele iepening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)