Soad moai waar ûngelokken

13 apr 2009 - 12:01

It moaie peaskewaar soarget foar ekstra oanrin by de Fryske Dokterswacht. De organisaasje hie al rekkene op mear drokte. Dêrom binne 15 hûsartsen en assistinten ekstra oan it wurk op de hûsdoktersposten.

It binne foaral bûtendoar boartsjende bern en minsken dy't it lange wykein brûke om te klussen, dy't by de dokterswacht bedarje. Der binne in soad ûngelokken mei trampolines, fytsen en skeelers, mar ek troch boarmasines en hageskjirren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)