Hearrenfean wint fan Volendam

12 apr 2009 - 16:59

Sportklup Hearrenfean hat snein de thúswedstriid tsjin it ûnderoan steande Volendam muoisum mei 1-0 wûn. Viktor Elm makke oan it begjin fan de twadde helte it iennige doelpunt.

Hearrenfean einige de wedstriid mei tsien man. Danijel Pranjic waard fan it fjild stjoerd nei in reade kaart, fanwege twa kear giel. Troch de winst stiet Hearrenfean op it 4e plak fan de ranglist. De Feansters ha trije punten foarsprong op PSV. It fjirde plak jout rjocht op dielname oan de UEFA Cup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)