Frou stekt freon mei mes

© Omrop Fryslân
In ynwenster (33) fan It Hearrenfean is sneontejûn oanholden yn de Commandeurstrjitte op It Hearrenfean. Se hie har freon, in 51-jierrige Feanster, inkelde kearen mei in mes yn it boarst stutsen.
Ek fernielde de frou in rút en skuttings fan njonkenlizzende wenningen. Doe't de plysjes op it plak kamen, stie de frou mei in mes yn de hân yn de wenning. Se waard troch de plysje oermachtige. Se is ynsletten. De ferwûnings fan de man foelen mei.