Nij festival op Flylân

12 apr 2009 - 14:14

Flylân krijt in eigen kultureel festival. Under de namme 'Into the great wide open' wurdt op 4, 5 en 6 septimber in festival fan trije dagen holden op kampearterrein Stortemelk op it eilân. By it festival stean muzyk, literatuer, byldzjende keunst en de frije natuer sintraal.

It programma spilet him ôf op twa haadpoadia en in tal lytsere lokaasjes en biedt ferskate stilen, lykas dance, jazz en klassyk. De echt hurde sjenres lykas metal en techno sille ûntbrekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)