Himmelwike yn Opsterlân

De webside fan de himmelwike
Yn de gemeente Opsterlân begjinne no tiisdei hast twatûzen bern oan de himmelwike. Se sille yn de 16 doarpen fan de gemeente it omslingerjend ôffal opromje. Op de webside himmelwike.nl wurdt byholden hoefolle ôffal der de skoalle ophelle wurdt.
Ferline jier ha de skoallen yn Opsterlân hast 600 jiskepûden mei hast 3500 kilo ôffal ophelle. De himmelwike yn Opsterlân is in inisjatyf fan Omrin, Caparis, wenningkorporaasje Welkom en de gemeente.