Ferbouwing by Tresoar

Tresoar yn Ljouwert
De stúdzjeseal en de hal fan ûndersyksynstitút Tresoar yn Ljouwert wurde de kommende moannen ferboud. der komt ûnder oare in nije tentoanstellingsromte en in bioskoop foar it Frysk filmargyf.
Yn de nije stúdzjeseal komme ôfdielings foar histoarysk ûndersyk, stambeamûndersyk en literatuer. Fierder wurdt de resepsje ferpleatst. De ferbouwing begjint tiisdei en moat ein juny klear wêze. Tresoar bliuwt gewoan iepen.