Lia Dekker: rekôr en WK limyt

12 apr 2009 - 11:46

Lia Dekker hat sneontejûn by de iepen Deenske kampioenskippen in geweldich Nederlânsk rekôr swommen op de 100 meter skoalslach. Mei har 1.07,67 wie se krapoan in sekonde rapper as de 1.08,54 fan in dei earder yn de heale finale.

Mei har nije toptiid helle de swimster fan it Drachtster DZ&PC ek de limyt foar de wrâldkampioenskippen. Dy limyt stie op 1.08,37. Om de progresje fan Dekker oan te jaan: yn 2008 waard se kampioene fan Nederlân yn 1.10,08.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)