Roy Boeve wint Sleat

12 apr 2009 - 11:35

Roy Boeve fan Kampen hat de earste wedstriid fan it nije skeelerseizoen wûn. Yn Sleat gong de earste wedstriid fan de Hollân Inline Cup oer 66 kilometer. Jan van Loon, earder fan De Haule en ploechmaat fan Boeve, waard twadde. Crispijn Ariëns fan It Hearrenfean waard tredde, Durk Fabriek fan Haulerwyk sechsde.

By de froulju gong de winst nei 44 km nei Yvonne Spigt fan Wervershoof. Nienke Stenekes fan Damwâld waard twadde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)