Aris wint yn Swolle

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Friesland koene sneontejûn dochs wer ris in oerwinning byskriuwe. Yn en tsjin Swolle waard mei 98-89 wûn. Yn de earste tije kwarten pakte Aris in romme foarsprong, allinne it lêste kwart wie foar de thúsploech.
Fjouwer Aris spilers kamen yn de dûbele sifers: Tristan Blackwood makke 17 punten, Matt Bauscher 19, Rein van der Kamp 20 en Jayme Miller 25. Op peaskemoandei spilet Aris de lêste thúswedstriid tsjin Den Helder.