Jan Bos wint Zuidbroek
Jan Bos fan Nijhoarne hat sneon it earste hurdfytskritearium yn it noarden wûn. Yn Zuidbroek einige hy foar Jos Harms (Oude Pekela) en Umberto Atzori (Zorgvlied). Hidde van Nuil fan Appelskea waard fjirde, Sierd Steigenga fan Eksmoarre fiifde.
Foar Jan Bos wie it al wer de fjirde oerwinning fan it seizoen. Earder wie hy de bêste yn Rotterdam, Huijbergen en Steenbergen.