JWC: winst Nederlân en België

11 apr 2009 - 17:45

De kuorballers fan Nederlân en België binne winner fan harren groep wurden op it JWC yn sportkompleks it Kealledykje yn Ljouwert. Beide lannen ha op dit WK foar spilers oant 19 jier alle seis wedstriden yn har groep wûn.

Op Peaskesnein nimt Nederlân, de winner fan groep B, it earst op tsjin de nûmer twa fan groep A: Sineesk Tapei. België moat it earst opnimme tsjin Ingelân. Om healwei fiven is de grutte finale en de kâns is grut dat dy tusken Nederlân en België giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)