ONS wint fan Flevo Boys

11 apr 2009 - 16:53

It degradaasjeduel tusken ONS Snits en Flevo Boys is wûn troch ONS Snits. Twa doelpunten fan Ton Haarman soarge foar in 2-0 einstân. It wie in typyske degradaasjewedstriid, beide ploegen woene net ferlieze.

Pas nei it skoft kaam de wedstriid op gong. De doelpunten foelen dan ek yn de twadde helte. ONS hat no 26 punten út 22 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)