Kij wer yn 'e greide

Se binne net de earsten dy't de kij derút litte, mar by de famylje Oosterhof fan Drachten wurdt fan it jierlikse barren in hiele happening makke. Troch der publyk by út te noegjen, besiket de biologyske melkfeehâlder wat mear kennis oer it boerelibben oer te bringen.
Mear as hûndert minsken seagen hoe't de fjirtich kij sneontemoarn it farske gers opsochten. De boer fynt it in grut súkses.