Nij Saailân-feest yn Ljouwert

Op it Wilheminaplein yn Ljouwert wurdt sneon it Nij Saailân-spektakel holden. De hiele middei en jûn binne der aktiviteiten op it Saailân yn Ljouwert om de sloop fan de parkeargaraazjes en it plein te markearjen.
Sneontemiddei wurde de bern fermakke mei nifeljen en toaniel. Yn de kelder binne âlde filmbylden oer de histoarje fan it Saailân te sjen. Sneontejûn is der in muzykfeest dat ôfsletten wurdt mei in brânwachtshow. De sloop fan de parkeargaraazje begjint oer in wike.