Famke út Ljouwert fermist

11 apr 2009 - 13:31

De plysje yn Ljouwert is op syk nei de 16-jierrige Tessa Marije Das út Ljouwert. It famke wurdt sûnt ôfrûne tongersdei fermist. Tessa Marije Das is doe om boadskippen gien en net wer thúskaam. Sûnt dy tiid hat se allinnich in sms-berjocht stjoerd.

De famylje makket him slim soargen. Tessa Marije Das is in blank famke fan 1,75 meter, hat in slank postuer, blauwe eagen en lang blond hier. Se hat in piercing boppe de mûle en in litteken boppe it rjochtereach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)