Bushokjes fernield op It Fean

© Omrop Fryslân
Op It Hearrenfean binne sneontemoarn betiid in tal bushokjes fernield. It giet om bushokjes oan de Dominee Kingwei, de Zanden en oan de Rottumerwei. Tsjûgen seagen dat de hokjes fernield waarden en bellen de plysje.
De dieders binne ek oantroffen, mar by de efterfolging foel ien fan de plysjes en rekke hjirby ferwûne oan de earm. De dieders binne doe útnaaid op 'e fyts. De plysje wol graach yn kontakt komme mei tsjûgen.