Rekôrtal taskôgers fuotbal

11 apr 2009 - 12:48

De 34ste wedstriiddei yn de Jupiler League hat in rekôrtal taskôgers lutsen foar it seizoen 2008-2009. By de tsien wedstriden kamen yn totaal 41.635 fuotballeafhawwers.

Cambuur hie fierwei de measte taskôgers. Tsjin Helmond Sport sieten 9500 minsken op de tribunes. De Ljouwerters wûnen de wedstriid mei 2-0 en stean op it tredde plak fan de ranglist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)