Wenningbrân yn Ljouwert

10 apr 2009 - 22:12

In wenningbrân hat freedtejûn de bewenners fan de Van Asbeckstrjitte yn Ljouwert opskrille. Omdat it net wis wie oft de bewenners noch yn it rychjeshûs wiene, naam de brânwacht gjin risiko. Uteinlik waard net ien oantroffen. Wol rekke it hûs swier skansearre.

De huzen oan beide kanten fan it ôfbaarnde hûs hiene reekskea. De brânwacht kin noch neat sizze oer de oarsaak fan de brân. It fjoer is op ien fan de sliepkeamers begûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)