Langer ynternette yn de trein

© Omrop Fryslân
De proef mei triedleas ynternet yn de treinen tusken Ljouwert en Grins wurdt trochsetten. Ferfiersbedriuw Arriva begong yn febrewaris mei spoarbehearder Prorail en KPN mei de proef.
Ut in enkête ûnder goed tûzen reizgers docht neffens Arriva bliken dat it publyk tefreden is oer it ynternetten yn de trein. Hast 80 prosint fan de reizgers is op de hichte fan de service. In tredde fan har makket der ek echt gebrûk fan.