Registraasje yn striid mei wet

10 apr 2009 - 17:17

Gemeenten moatte fuortendaliks ophâlde mei de etnyske registraasje fan Antilliaanske risikojongeren. Oant desimber ferline jier hiene 21 gemeenten ûntheffing om Antilliaanske risikojongeren te registrearjen, om't se grutte problemen feroarsaken.

Ljouwert is ien fan dy gemeenten. Neffens it College Bescherming Persoonsgegevens hawwe de gemeenten gjin ferlinging oanfrege en hannelje se no yn striid mei de wet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)