Ferwaarleaze bisten oantroffen

AID trof ferwaarleaze bisten op pleats oan
By in boer by Nijlemmer binne dizze wike trijehûndert ferwaarleaze keallen oantroffen troch de AID. Ek leine tsien deade bisten op it hiem. De AID en de plysje krigen in tip fia Meld Misdaad Anoniem. Yn de stâlen lei in dikke laach stront. Ek hiene guon bisten te min fretten krigen. De boer hie de leanwurker net betelle, dêrom siet de dongopslach fol.
De boer hat wat kij ferkocht. Fan de sike bisten binne in pear ôfmakke. De AID hâldt it bedriuw yn de gaten.