Ein gearwurking hânbalklups

© Omrop Fryslân
Mooglik komt takom jier gjin Frysk hânbalteam yn de lanlike haadklasse út. It gearwurkingsferbân Leeuwarden Handbal Stad sjocht neat mear yn de gearwurking mei hânbalklups FHC út Stiens en Cometas fan Ljouwert.
De stifting ferbûn ferline jier in trainer en in sponsor foar twa jier oan beide klups, sadat de bêste hânballers yn twa teams opsteld waarden. Dizze kamen ôfrûne seizoen út yn de haadklasse en de regioklasse.