Legyon komt nei Ljouwert

De legionellachip kin de baktearje fine
Ljouwert krijt der 10 oant 20 heechweardige arbeidsplakken by. De minsken kinne oan it wurk by it bedriuw Legyon dat nei Ljouwert komt.
Legyon is oprjochte troch TNO en wetterliedingbedriuw Vitens. It makket en ferkeapet de legionella-chip. Dêrmei kin yn koarte tiid de skealike legionella-baktearje yn liedingen opspoard wurde. De chip wurdt al by twa ynstellings brûkt. Der is belangstelling út Amearika, Midden Easten en tal Europeeske lannen.