Undersyk nei takomst B'him

10 apr 2009 - 11:10

Der moat gau in ûndersyk komme nei in mooglike weryndieling fan Boarnsterhim. De gemeenteried kin dan noch dit jier in beslút nimme oer de takomst. It ûndersyk wurdt dien troch in ekstern adviseur. Dat sil 50.000 euro kostje. Neffens boargemaster Baas wurde alle mooglike opsjes ûndersocht, bygelyks ek in splitsing fan de gemeente.

Der komt ek in klankboerdgroep fan riedsleden. Dy kinne meiprate oer de bestjoerlike takomst fan Boarnsterhim.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)