Steuring soarget foar oerlêst

10 apr 2009 - 10:26
Foto: Omrop Fryslân

In steuring by in tal spoarweioergongen yn Ljouwert hat tongersdeitejûn foar ferkearsoerlêst soarge. Troch in mankemint yn in feilichheidssysteem koenen de treinen mar hiel stadich ride. De spoarbomen bleaunen oardel oere lang ticht.

Neffens in wurdfierder fan ProRail gie it om in frij seldsume steuring.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)