Taakstraf foar ûntuchtpleger

09 apr 2009 - 20:41

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat tsjin in 25-jierrige ynternetûntuchtpleger in taakstraf easke fan 240 oeren en tolve moanne ûnder betingst. De man út Den Bosch soe fjouwer famkes seksuele hannelings dien litten ha foar de webcam.

De man soe de famkes dy't allegear jonger wiene as sechtjin jier frege ha har foar de webcam út te klaaien en te masturbearjen. Hy waard oppakt doe't er mei ien fan de famkes op in kamping yn Makkum ôfpraat hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)