Oranjewyk wint weddenskip
Bewenners fan de Oranjewyk yn Ljouwert ha tsientûzen euro wûn mei enerzjybesparring. De gemeente Ljouwert hie de wykbewenners útdage om it ferbrûk mei tsien persint te ferminderjen.
Troch ûnder oare in sparlampe-aksje, enerzjy-advizen en de oanskaf fan sinneboilers is it slagge. De wyk wol it jild brûke foar de oanskaf fan enerzjysunige lantearnepeallen.