Wer minder huzen ferkocht

Ferkeapsifers en prizen sakje
It earste fearnsjier fan 2009 binne der wer minder huzen ferkocht yn Fryslân. Dat die tongersdei bliken út sifers fan makeldersferiening NVM. As je de huzeferkeap fan de lêste trije moanne ferlykje mei in jier lyn dan is de ferkeap mei goed 40 persint sakke. Waarden der begjin 2008 noch 1209 huzen ferkocht troch de NVM, no binne dat der noch mar 714.
Starterswenten fan sa'n 150 tûzen euro wurde noch reedlik ferkocht. De ferkeap fan djoerdere huzen stûket.