Oanjefte tsjin gemeente

© Omrop Fryslân
Omwenners fan in bosk oan de Van Aylvawei yn Wytmarsum ha oanjefte dien tsjin de gemeente Wûnseradiel. Dy kapte heal maart in stik fan de bosk ôf om romte te meitsjen foar in dyk. Neffens de omwenners sieten yn de bosk rôffûgels en eiders en binne dy troch it kapwurk fuortjage. Dat mei net neffens de floara en faunawet.
De gemeente hat ek ûnfatsoenlik hannele. Sa binne de omwenners net ynformearre oer de plannen en binne dy ek net publisearre yn de krante.