6 jier en TBS foar ferkrêfter

De rjochter docht útspraak
In Ljouwerter (62) dy't jierrenlang syn bern ferkrêfte, hat in selstraf fan 6 jier mei TBS krigen. De straf falt 2 jier leger út as de offisier fan justysje easke hie. Dat omdat de ferkrêfting fan ien dochter net bewiisd wurde koe.
Fierder jildt it feit dat de man oanmerkt wurde kin as pedofyl. Sa'n persoanlikheidssteurnis is strafferminderjend. De man hat 10 jier lang syn soantsje en dochters seksueel misbrûkt.